Faak frege saken


Op dizze side beantwurdzje wy tal fan fragen dy't wy gauris krije as dêr't wy fan tinke dat jo se faaks hawwe soene kinne.

Kin ik mei sile?
Op dit stuit is de sylalvestêdetocht noch in 'wylde tocht'. Elkenien dy't dat wol kin mei sile en hoe mear seilen, hoe mear freugde.


Hoe kin ik mei sile?
Wa't mei sile wol kin him as har it bêste efkes opjaan fia de side. Wy nimme dan wol kontakt op.


Wêrom moat ik ynlogge?
Wy wolle graach witte wa't der mei sile. Wy hâlde ek ferskate statistykjes by fan de dielnimmers en harren boaten. It is dan wol saak om de júste gegevens fan dizze persoanen te hawwen. Dêrneist kinne jo nei it ynloggen mei ien druk op de knop in startplak reservearje. Gemak tsjinnet de bemanning.


Wat moat ik dwaan nei't ik my oanmelden haw?
Nei dat jo in profyl makke hawwe en jo in oanmelding yntsjinne hawwe kinne jo ûnder it kopke boatbehear de namme, jo feriening en de ferhierdersynfo fan jo boat oanpasse. Ek kinne jo dêr bemanningsleden taheakje oan jo boat as bemanningsleden fan board sette. In bemanningslid kin ek sels kieze om fan board te stappen.


Wat binne de kosten?
Der binne ferskate pryskes te winnen en alle dielnimmers dy't de tocht foltôgje krije in krúske. Dêrom freegje wy 11 euro per persoan. Jo moatte dêrneist sels in boat regelje en foar iten en drinken soargje.


Komt der ea noch ris in offysjele sylalvestêdetocht?
Dat is wol de bedoeling.




Warkumer ierdewurk Stichting Ramon scoort tegen kanker Steun KiKa in de strijd tegen kinderkanker In hardstikkene goed doel Repko Snits foar al jo sportprizen Voor iedereen die van de Friese natuur houdt